Parkearwacht 'sikehûs yn riden'

19 feb 2005 - 13:02

In 45-jierrige man fan It Hearrefean is is oppakt foar it oanriden fan in parkearwacht by it Thialfstadion. De parkearwacht (62) is mei ferwûnings oan 'e earm en skonk nei it sikehûs brocht.

De automobilist wie lilk om't er net by it stadion parkeare mocht. De man woe mei syn bern nei it park Ballorig by it stadion. Him wurdt no swiere mishanneling of poging ta moard ferwiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)