Parkearwacht dochs net oanriden

21 feb 2005 - 11:07

Ut neier ûndersyk fan de plysje Fryslân, docht bliken dat de ferwûne 62-jierrige parkearwacht fan Thialf dochs net oanriden is troch in 45-jierrige Hearrenfeanster. De parkearwacht is ôfrûne freed mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De 45-jierrige soe him mei opsetsin oanriden ha nei in skeel oer in parkearkaartsje. It is net bekend hoe't de parkearwacht wol krekt fallen is. De plysje is dêrom op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)