Parkearromte Ljouwert krapper

19 feb 2007 - 22:04

De VVD yn de Ljouwerter gemeenteried makket him soargen oer it tal parkearplakken yn de stêd. Troch it nije systeem fan parkearfergunningen en de ferbou fan de parkeargaraazje ûnder it Saailân rekket de stêd tydlik 1200 parkearplakken kwyt, sa seit de VVD.

De fraksje wol no fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte hoe't se dit probleem oplosse sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)