Parkearplak Holwert ûnder wetter

01 nov 2006 - 09:56

By Holwert is de pier en in part fan it parkearplak der troch it hege wetter ûnderstrûpt. Dêrby soene ferskate auto's ferskood wêze. Op it stuit wurdt besjoen wat de skea is.

Fierder binne der by de plysje meardere meldings binnenkaam fan beammen dy't omwaaid binne en tûken dy't op 'e dyk lizze. By De Harkema is in auto tsjin in omfallen beam riden. De bestjoerder moast troch de brânwacht út 'e auto helle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)