Parkearoerlêst yn wenwyk Snits

17 feb 2014 - 08:43
  • Parkearskiif

De parkearoerlêst yn in part fan de wyk De Noorderhoek yn Snits moat gau oanpakt wurde. Dat wol de PvdA-fraksje yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Neffens de partij is de oerlêst ûntstien neidat it parkearterrein de Bolswarderpoort sletten waard. Minsken dy't yn it sintrum fan Snits wêze moatte, parkeare harren auto no yn wenwiken dy't dêr tichtby lizze.

Neffens de PvdA ûntsteane der no yn De Noorderhoek ûnfeilige situaasjes. De partij wol dat boargemaster en wethâlders gau mei maatregels komme om hjir in ein oan te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)