Parkearoerlêst eilângongers

20 aug 2011 - 15:45

It parkearbelied yn Harns moat oars. Dat sizze ynwenners fan dy stêd. Toeristen dy't nei in eilân ta gean sette de auto faak yn de wenwiken del omdat it dêr fergees is. De gemeente fynt dat dit te folle oerlêst jout en dêrom komme der hieltyd mear betelle parkearplakken yn de stêd.

De wykbewenners fine dat mar neat om't yn de stêd faak noch wol genôch parkearplakken oer binne. Yn septimber nimt de gemeenteried fan Harns in beslút oer it parkearbelied yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)