Parkearmeters iepenbrutsen

13 sep 2004 - 11:27

De plysje hat sneintemoarn betiid in 35-jierrige frou en in 36-jierrige man út Ljouwert op de die betrape doe't se parkearmeters iepenbrutsen. In tsjûge hie sjoen dat de persoanen har fertocht gedroegen by in parkearautomaat op it parkearterrein tusken de Oostergrachtswal en de Wybrand de Geeststrjitte.

De plysje trof beide fertochten oan. Se binne oanholden en foar ûndersyk ynsluten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)