Parkearkelder op tiid klear

18 okt 2006 - 06:51

De parkearkelder by de Aldehou yn Ljouwert is dochs op tiid klear. Dat seit wethâlder Krol fan Ljouwert. Earder waard bekend dat de plande oplevering op 22 novimber net slachje soe. Omdat de bouwers ekstra oeren wurkje wurdt de datum no wol helle.

Yn de parkearkelder is plak foar 500 auto's. Op it parkeardek der boppe kinne nochris 200 auto's stean. Oan de kelder is mear as in healjier wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)