Parkearkelder Aldehou giet troch

07 okt 2003 - 00:00

De oanlis fan in parkearkelder by de Aldehou yn Ljouwert giet definityf troch. De gemeente Ljouwert stimde dêr moandei mei yn. De ûndergrûnse garaazje mei maksimaal 20 miljoen euro kostje. De opposysje yn 'e rie sjocht mear yn parkearen bûten it sintrum.

It kolleezje sil noch in apart plan ûntwikkelje foar it dak fan de nije parkeargaraazje. Dêr soe dan mooglik noch 2,5 miljoen euro ekstra foar frijmakke wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)