Parkearjen yn Harns moat makliker wurde

24 mrt 2015 - 15:11

De gemeente Harns wol it parkearjen foar ynwenners en besikers makliker meitsje. Mar dat mei der net ta liede dat toeristen dy't nei de eilannen gean, de binnenstêd wer as parkearplak brûke. Tiisdei krije bewenners op in diskusjejûn de gelegenheid om te fertellen hoe't sy oer it parkearbelied tinke.

Takom hjerst moat der in nij plan lizze wêrmei't it parkearprobleem fan Harns definityf oplost wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)