Parkearje yn binnenstêd Hylpen wurdt oan bannen lein

09 nov 2015 - 15:25

Parkearje yn Hylpen, dat wurdt fan 2016 ôf in stik lestiger. Allinnich ynwenners dy't in fergunning hawwe, meie nei ien jannewaris noch parkearje yn de stedskearn en de wyk De Stadsweide. Sa komt der mear romte foar it ferkear.

Boppedat komt it monumintale karakter fan Hylpen better ta syn rjocht as der minder auto's steane, fynt de gemeente Súdwest-Fryslân. Ek de feilichheidstsjinsten kinne der dan better komme.

Alle minsken dy't yn de stedskearn of de Stadsweide wenje, kinne in fergunning oanfreegje. Der is ien fergunning beskikber per adres. Besite en minsken mei twa auto's moatte bûten it stedshert parkearje.

Ynwenners fan Hylpen fine it goed dat der fan takom jier ôf allinnich noch mar parkeard wurde kin mei in parkearfergunning yn de stêd. Sy fine it sels ek net feilich dat yn de lytse strjitsjes safolle auto's steane.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)