Parkearje Drachten kostet jild

02 jul 2014 - 11:52

Parkearje yn de parkeargaraazje oan it Van Knobelsdorffplein yn Drachten is fan moandei 14 july ôf net langer fergees. Mei de bou fan it nije Raadhúsplein en de parkeargaraazje hjirûnder wie de âlde garaazje tydlik fergees iepen. Dêrmei woe de gemeente Smellingerlân in besite oan it winkelsintrum fan Drachten ekstra stimulearje.

No't de nije garaazje klear is, moat foar beide plakken aanst itselde taryf betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)