Parkearhobbels De Lemmer

26 aug 2010 - 15:51
  • De stroffelstiennen op De Lemmer
  • De gemeente wachtet it advys fan VVN ôf (foto's Omrop Fryslân)

De gemeente Lemsterlân tinkt der oer om de parkearbannen út it sintrum te heljen. Der binne de lêsten jierren in soad minsken oer fallen, mei soms slimme ferwûnings. Húsdokter Breet hat nei it safolste gefal in lilke brief oan de gemeente stjoerd.

Veilig Verkeer Nederland is ek ynskeakele en dy komt meikoarten mei syn konklúzjes. As dy is dat de hobbels fuort moatte, dan sil de gemeente dat advys opfolgje en de parkearbannen fuorthelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)