Parkeargaraazjes 24/7 iepen?

11 mrt 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert hat de binnenstêd- bewenners in enkête foarlein. Se moatte oanjaan oft se wol of net wolle dat de parkeargaraazjes 24 oere per dei iepen binne. Oanlieding binne klachten fan fergunninghâlders, dy't harren auto hast net mear kwyt kinne.

Nachts parkeare yn de garaazjes kostet 40 euro yn de moanne. De hiele dei kostet 80 euro yn 'e moanne. Der moatte minimaal 100 minsken har ynskriuwe foar iepenstelling fan bgl. it Hoeksterend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)