Parkeargaraazje op It Fean

02 feb 2003 - 00:00

It Geerts Willigenplein op It Hearrenfean is it meast gaadlike plak foar in parkeargaraazje. Dat hawwe boargemaster en wethâlders bepaald. Dy lokaasje is it bêste berikber foar ferkear fan 'e A32 ôf. It plein wurdt opnij ynrjochte mei mear grien.

B en W wolle ek it fytspaad oan de Sieversstrjitte oanpakke. Nei't it begjin ferline jier oanlein wie, foelen in protte fytsers. Dat kaam benammen troch de hege trotwaarbannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)