Parkeargaraazje letter klear

24 feb 2010 - 12:09

De nije parkeargaraazje op it Saailân yn Ljouwert komt net foar de krystdagen fan 2010 klear. Dat makke de gemeente bekend. Foar de ûndernimmers yn it winkelsintrum is dat in grutte tsjinfaller. Sy misse omset as de garaazje ticht is.

Der is 4 moannen fertraging, troch de fynst fan asbest yn de âlde garaazje. Wethalder Deinum doart net ta te sizzen dat dat ynhelle wurdt. De mearkosten foar it hiele Saailânplan binne no 1 oant 2 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)