Parkearfinjet yn Harns ynfierd

01 nov 2013 - 14:07
  • De Joost van den Vondelstrjitte yn Harns

Toeristen dy't de boat nimme nei de eilannen en besykje de auto fergees yn 'e gemeente Harns stean te litten, kinne dat fan no ôf ferjitte. De gemeente hat in nij parkearbelied ynfierd. Om foar te kommen dat toeristen de auto's yn wenwiken delsette, is der foar alle ynwenners fan 'e gemeente in parkearfergunning. Yllegale parkearders binne sa makliker te werkennen.

Der is wol krityk is op 'e nije parkearoanpak. Foar de fergunning moat betelle wurde, nammentlik 2,50 euro yn it jier. Oant no ta binne der 2400 fergunnings ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)