Parkearferbod frege by sikehûs

18 jan 2008 - 12:28
  • Op it parkearterrein moat betelle wurde

Yn de wyk by it sikehûs Nij Smellinge yn Drachten moat sa gau mooglik in parkearferbod komme, fine omwenners en direkteur fan it sikehûs. De omwenners hawwe in soad lêst fan personiel en pasjinten dy't har auto yn de strjitten by it sikehûs parkeare.

Benammen sûnt it betelle parkearen op it terrein fan it sikehûs is it slimmer wurden. Ek al is de earste twa oeren fergees, minsken sette dochs leaver de auto op de iepenbiere dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)