Parkeare Tytsjerk moat oanpakt

20 feb 2013 - 09:58

Doarpsbelang Tytsjerk ropt de bewenners op om by de gemeente te reagearjen op de parkearproblemen yn it doarp. Benammen yn de strjitte Hanenburg stiet it faak hielendal fol. Dêr stiet ek de skoalle en by it heljen en bringen fan de bern stiet it ferkear soms fêst. Tytsjerksteradiel hat op it stuit it projekt 'Meidwaan'. Alle bewenners kinne der projekten opsette en de gemeente kiest dan in pear út dy't oanpakt wurde. Der binne 13 ideeën yntsjinne om de doarpen yn de gemeente te ferbetterjen.

Suwâld wol sjen oft der wer in iepenbier ferfierfoarsjenning en in winkel komme kin en Jistrum wol it kantineplein oanpakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)