Parkeare mei chipknip

29 nov 2005 - 22:57

By de parkearautomaten oan de Iewâl en de Wortelhaven yn Ljouwert kin fanôf febrewaris takom jier mei de Chipknip betelle wurde. It giet om in proef fan in jier. Nei oanlieding fan de útkomsten fan dy proef sil de gemeente besjen oft der mear parkearautomaten mei chipknip komme kinne yn de stêd.

Der komt earst in proef omdat it djoer is om de nije betelmetoade gelyk yn te fieren. At der genôch gebrûk fan makke wurdt, wurdt de proef fierder útwreide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)