Parkearde auto's oanriden

22 nov 2013 - 12:56
  • (foto-ympresje)

De plysje hat in 24-jierrige ynwenner fan Snits oppakt, omdat er mei syn auto dronken tsjin twa parkearde auto's oanriden wie. Dat barde tongersdeitejûn yn de Westhimstrjitte yn syn wenplak. Dêrnei naaide de man út. De plysje fûn him nei in syktocht.

De man hie tefolle dronken, sa die bliken. Tsjin de Snitser is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)