Parkearde auto útbaarnd

18 aug 2010 - 09:46
  • (foto Robertjan Boonstra)

In parkearde auto is woansdei betiid yn Ljouwert útbaarnd. De auto stie oan de Nieuwe Hollanderdijk. In auto der neist rekke swier skansearre. Foarbygongers ûntdutsen de brân en warskôgen de helptsjinsten.

In tankauto fan in dykbedriuw kaam by tafal del en waard troch omstanners tsjinhâlden. De bestjoerder wie fuort mei it blussen begûn, sa koe fierdere skea oan oare auto's en hûzen foarkommen wurde. De plysje ûndersiket of it om brânstichting giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)