Parkearboetes yn Snits

05 des 2005 - 14:56

Yn Snits is sneon streng optreden tsjin foutparkearders yn de stêd. Meielkoar binne der mear as 140 boetes útdield oan parkearders dy't harren net oan de regels holden. Yn de wenwiken waard ek bot kontroleard, omdat de oerlêst dêr tanimt. It wie sneon fanwege Sinterklaas smoardrok yn de stêd.

Om minsken nei de stêd te lûken waarden net allinne pipernuten en snobbersgoud útdield, mar ek echte kadootjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)