Park Boalsert ticht om oerlêst hingjongerein

21 mrt 2015 - 08:32

It Julianapark yn Boalsert is tenei jûns en nachts ôfsletten foar publyk. De maatregel moat foarkomme dat der noch langer fernielings oanrjochte wurde. Derneist wie der in soad lûdsoerlêst fan hingjongerein en waard der in soad rommel achterlitten yn it park. Yn oerlis mei de gemeente Súdwest-Fryslân hat de plysje no buordsjes mei regels pleatst. Dat makket it mooglik om bekeurings út te dielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)