Parfumdief trapearre

08 jan 2007 - 10:10

De plysje hat sneontemiddei in ynwenner fan Nieuwegein (24) oanhâlden foar winkeldieverij. Personiel fan in parfumerysaak oan de Nijstêd seach dat de man in tal parfumsets yn 'e tas treau, mar doe't hy dêrop oansprutsen waard smiet hy de bút fuort en naaide_er_út.

Letter is de man oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. De man hie in tas by him dy't spesjaal klearmakke is om stellen spul yn te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)