Parate F-16's nei Volkel

26 nov 2008 - 10:30

De fleanbasis yn Volkel nimt de kommende moannen de saneamde Quick Reaction Alert-taken fan de basis yn Ljouwert oer. De taak hâldt yn dat 24 oeren deis, sân dagen yn 'e wike, twa F-16 gefjochtsfleantugen paraat stean moatte om in ûnbekend tastel yn it Nederlânsk loftrom te ûnderskeppen.

Volkel sil dat no oant begjin febrewaris takom jier útfiere. De Loftmacht lit dy taak rûlearje tusken de beide bases dy't F-16's hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)