Parasporthelden op middenstip

05 okt 2013 - 11:55
  • De parasporthelden op de middenstip, mei rjochts Norbruis mei har fyts

Der is te min omtinken foar topsporters mei in hendikep. Dat sizze tsien talintfolle Fryske sporters, dy't sels in hendikep ha. Under de namme 'Fryske parasporthelden' hawwe se har feriene. Freedtejûn presintearren de sporters harren op de middenstip fan it Cambuurstadion, yn de rêst fan de wedstryd Cambuur-Twente.

Ien fan de inisjatyfnimmers is hurdfytster Alyda Norbruis. Sy wûn op de Paralympyske Spelen yn Londen in sulveren medalje. Sy hat fernommen dat se tanksij har Olympyske titel wól in protte promoasje hân hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)