Parasjutist út it wetter fiske

10 aug 2010 - 12:46
  • Rêdingswurkers mei de parasjute (foto: Johan Wildeboer- 112Nederland)

In parasjutist hat tiisdeitemoarn by It Amelân sa'n heal oere yn de Noardsee dreaun. De man stiigde op fan it fleanfjild Ballum en hat ûnder de sprong mooglik in flater makke. Troch de hurde wyn is hy dêrnei de ferkearde kant opwaaid.

In helikopter, dy't op dat momint boppe Skiermûntseach fleach, pikte de parasjutist op út it wetter. De rêdingsboat Maria Hofker fan stasjon Nes helle it guod fan de man út it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)