Paralleldyk moat feiliger

29 sep 2003 - 00:00

De provinsje moat sa gau mooglik de paralleldyk by de N357, fan Ljouwert nei Stiens, feiliger meitsje. Wethâlder Keizer fan Ljouwerteradiel hat dêrta oproppen.

Twa wike lyn kaam op de dyk in jonkje om it libben. Hy waard oer-riden troch in oanhingwein fan in trekker. Neffens Keizer kinne sokke ûngemakken foarkommen wurde as der spegels komme en de maksimum-snelheid nei ûnderen giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)