Paragon moat mooglik slute

22 feb 2002 - 00:00

It bedriuw Paragon yn Drachten moat mooglik op termyn har doarren slute. It fakbûn CNV is dêr alteast benaud foar. Ek de festigingsdirekteur jout ta dat der finansjele problemen binne.

It bedriuw makket ûnder oare de bekende giele memoblokjes. Om de ferliezen te beheinen moat it bedriuw reorganisearje. Seis fan de sechtich wurknimmers sille dêrby har baan ferlieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)