Paraffine oanspield yn Fryslân

27 jul 2011 - 20:26
  • Foto: Rykswettersteat

Op de Fryske Waadkust is woansdei paraffine oanspield. It leit yn it gebiet tusken it Noarderleech en Ternaard. Dat meldt It Fryske Gea dy't bûtendyks in soad natuergebieten hat. Sy binne troch Rykswettersteat warskôge. Der komt in grutte skjinmakaksje. Fyftich minsken sille it guod mei de hân oprêde.

It giet om sawat fiif kúb paraffine. It guod is net gefaarlik foar minske en miljeu. Nei alle gedachten komt it fan in tanker of in oaljeplatfoarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)