Paprika's fan Seisbierrumer kweker Hartman net nei Sina

26 okt 2015 - 14:25
  • Paprikakweker Willem Hartman

Der gean foarearst gjin Fryske paprika's nei Sina. Paprikakweker Willem Hartman fan Seisbierrum reagearret dêrmei op it berjocht dat der eksportkontrakten foar paprika's mei Sina tekene binne. Hartman leveret de paprika's eksklusyf oan de supermerken fan Albert Heijn.

Mooglik kin de nije eksportmerk de prizen wol opdriuwe, om't in part fan de produksje út de Nederlânske merk helle wurdt. Hartman ferwachtet dat Sina gau op syk sil nei partners om de Nederlânske kwaliteit ek sels te leverjen.

Mocht der om frege wurde, dan is syn bedriuw ree om de opbouwde kennis oan de Sinezen te ferkeapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)