Pappegaaien net ferbiede

01 des 2009 - 17:07

Weststellingwerf hie de famylje Bos út Sonnegea net ferbiede mocht om pappegaaien te hâlden. Dat seit de beswierskriftekommisje. Nei klachten fan buorlju oardiele de gemeente oer it leven fan de fûgels, dat de hobby fan de famylje Bos mear liket op it hâlden fan pappegaaien as bedriuw.

De gemeente wie it mei de buorlju iens dat de fûgels te folle leven meitsje. De beswierskriftekommisje bestriidt dat allegear. De saak is no werom op it nivo fan in skeel tusken buorlju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)