Papieren skip wer út it wetter

12 sep 2011 - 20:30
  • It papieren skip wurdt wer út it wetter helle (foto: Hayo Bootsma)

It lekke papier-masjee-skip wurdt tiisdei by de Slauerhoffbrêge yn Ljouwert wer út it wetter takele. Twa lekken binne yntusken makke, mar by de kielbalke ûnder de flier is noch mear lekkaazje. Om dat oan te pakken moat it skip op de wâl.

Omdat it skip noch gjin roer hat, moatte der sleepboaten foar en achter. By hurde wyn bestiet dan de kâns dat it skip trochmidden lutsen wurdt. Neffens bouwer Marten Winters is der gjin gefaar foar sinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)