Papieren skip is lek

12 sep 2011 - 09:50
  • Wetter yn it skip (foto's: Omrop Fryslân)
  • It skip leit yn de Prinsetún yn Ljouwert

It skip fan papier-masjee dat snein te wetter litten is yn de Prinsetún yn Ljouwert is lek. Twa frijwilligers hawwe de hiele nacht dwaande west mei pompen om derfoar te soargjen dat it skip net sinkt. Moandei wurdt besjoen hoe't foarkaam wurde kin dat it skip noch mear wetter binnen kriget.

De betinker fan it skip, keunstner Marten Winters, frege him snein by de doop al ôf oft it wol driuwe soe. Der is twa jier oan it skip wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)