Papier-masjee skip nei Flylân

05 sep 2013 - 11:49
  • It skip ûnderweis nei Flylân
  • It papiermasjee-skip leit klear om nei Flylân te gean.

It skip fan papier-masjee fan keunstner Marten Winters is tongersdei sûnder problemen fan Harns nei Flylân fearn. Dêr docht Winters mei oan it festival Into The Great Wide Open.

It skip gie ôfrûne wykein it wetter yn en dat gie allegear goed. Dat wie op himsels al goed nijs, want twa jier lyn mislearre it folslein. It skip wie lek en drige te sinken. Dêrnei is der wer twa jier oan wurke en no moat it skip dus goed en sterk genôch wêze om fan Harns nei Flylân te farren

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)