PAOK mist spilers

25 aug 2009 - 20:37
  • Sérgio Conceição is der tongersdeitejûn net by

It Grykske PAOK mist tongersdei in tal belangrike spilers yn de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. Sa sil Sérgio Conceição net meispylje. De Portugeeske âld-ynternasjonal en ien fan de belangrykste spilers fan PAOK hat in blessuere.

De Griken moatte noch fjouwer spilers misse dy't gewoanwei yn de basis stean. De earste wedstriid yn de foarronde fan de Europa League einige yn in 1-1 lykspul. De winner giet nei de pûlfaze fan de Europa League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)