Pantera krijt offisjele status

04 des 2007 - 12:27
  • Panteratiger:mear Rykssubsydzje

Rôfdiere-opfang Pantera yn Nijeberkeap hat as earste Europeekse opfangsintrum in offisjele status fan it ministearje fan Lânbou krigen. Dêrmei hat it sintrum dat panters, poema's, liuwen en tigers helpt, rjocht op subsydzjes fan it Ryk. Dêrneist mei Pantera de bisten dy't se opfange, werompleatse yn 'e frije natuer yn Afrika.

Pantera hat lang striden foar de status. It sintrum bestie tiisdei fyftjin jier en fiert no dûbeld feest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)