Pantera krijt de romte

26 feb 2003 - 00:00

Pantera yn Nijeberkeap krijt mear mooglikheden om ûnderdak oan liuwen te jaan. Dat konkludearret Gropstra fan it gemeentebestjoer fan Eaststellingwerf út in útspraak fan de Raad van State. Al tsien jier is der spul oer it tal liuwen dat opfongen wurde kin.

Omwenners kleie oer oerlêst. De Ried dat bepaald dat der 22 liuwen hâlden wurde meie. De gemeente woe romte jaan foar 5 manlike liuwen. In akoestysk rapport achtet de Rie net nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)