Pantera ferlit Nijeberkeap

26 aug 2009 - 14:59
  • Pantera sil ferhúzje nei Noard-Hollân

Rôfdiere-opfang Pantera yn Nijeberkeap giet fuort. De tritich tigers, liuwen, panters, poema's en jaguars geane nei in soarte fan bistepark yn Anna Paulowna. De eigners fan it park dêr hawwe oanbean om de hokken en ferbliuwen te beteljen.

Neffens eigner Arno van der Valk is dit in bûtenkâns foar Pantera. De bisten krije mear romte en ek kinne der besikers talitten wurde yn de opfang. Pantera wol dat sa dwaan, dat de bisten der gjin lêst fan hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)