Pankoektrein yn Marrum stiet wer op de rails

22 okt 2015 - 20:29

It stasjonsgebou en de pankoektrein yn Marrum by it eardere spoartrajekt nei Holwert binne fan ferline freed ôf iepen. De trein is nei jierren fan ferbouwen einliks klear. Eigener Klaas Smit hat de trein yn 2003 kocht en trije jier letter is it objekt opknapt troch de gemeente. Smit hat sels mear as twa jier dwaande west mei it sammeljen fan ynformaasje oer it stasjon en de lokomotyf. Hy woe in replika meitsje fan hoe't it eartiids wie.

Yn it stasjonsgebou yn Marrum sit in keuken, in kaartsjeloket en in lyts museum.

Yn de wagons fan de trein kinne de minsken pankoeken ite. De pankoeken wurde brocht troch obers yn kondukteursklean. Bewenners fan Marrum kamen yn aksje om't se graach woene dat der wat mei de trein barde. No hawwe de trein en it stasjonsgebou dochs noch harren einbestimming helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)