Pankoekpaviljoen mei boud wurde

23 feb 2005 - 21:29

De bou fan in pankoekpaviljoen by Terherne is legaal. De Rie fan Steate bepaalde dat woansdei yn in saak tusken Boarnsterhim en de feriening foar fjildbiology.

Neffens de feriening hie de gemeente ten ûnrjochte in boufergunning. It soe yngean tsjin de Fûgelrjochtline. Nei ferskate rjochtsaken hat de Rie fan Steate de gemeente no gelyk jûn. Mei de bou fan it paviljoen is al begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)