Panel Bilgaard seit kontakt op

14 feb 2009 - 12:26

It wykpanel fan de Ljouwerter wyk Bilgaard hat it kontakt mei de gemeente ferbrutsen. It panel is de offisjele peteargenoat fan de gemeente, mar wurdt mei opsetsin bûten alle wichtige saken holden, seit foarsitter Margreet van der Laan.

De leden wurde allinnich by de lytse hús-, tún- en keukensaakjes belutsen. Besluten oer grutte saken, lykas de sloop fan in sporthal, nijbou yn de wyk en feroarings yn it Ljouwerter bosk moatte se fia de parse fernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)