Pandjeshuis buorket goed

28 apr 2009 - 13:36

It Pandjeshuis docht it goed troch de ekonomyske krisis. It Pandjeshuis yn Ljouwert is yn febrewaris iepene.

Minsken ferpânje graach beppes âlde sieraden, in saksofoan of in lúkse kamera foar in moai bedrach. De folgjende moanne kinne se har spullen weromkeapje, mar dan wol mei 15 prosint rinte deroerhinne. Mar neffens eigner Dicky Meerbeek ha se dat er wol foar oer yn ekonomische swiere tiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)