Pandertimpel bliuwt noch ticht

21 aug 2007 - 11:47
  • De Pier Pandertimpel mei allinnich besocht wurde ûnder begelieding

De Pier Pandertimpel yn de Prinsetún yn Ljouwert bliuwt noch seker fjouwer wiken ticht foar alle besikers. De timpel wie iepensteld fanwege de grutte Pier Pandermanifestaasje, mar ferline wike waard der ynbrutsen yn de timpel mei bylden fan de keunstner.

It glês foar de bylden wurdt no trochlutsen, sadat je der net mear achter komme kinne. Oant dy tiid is besite oan de timpel allinnich mooglik mei begelieding oan 'e ein fan 'e dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)