Pander-eksposysje nei Rome

14 des 2007 - 13:45
  • Byldhouwurk fan Pier Pander

De grutte Pier Pander-ústalling fan it Frysk musum ferhuzet de kommende maaitiid foar twa moanne nei Rome. De eksposysje is fan febrewaris oant april te sjen yn it Museo Andersen. De byldhouwer Pander hat 30 jier lang yn Rome wenne en wurke.

Pander wie 100 jier lyn ien fan de bekendste Nederlânske keunstners. Hy makke ek it ûntwerp foar de ôfbylding fan keninginne Wilhelmina op de Nederlânske gûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)