Pân oan De Skrâns hast klear

15 maaie 2014 - 20:15
  • It pân oan De Skrâns is hast klear

It pân dat twa jier lyn ôfbaarnde oan De Skrâns yn Ljouwert is hielendal opknapt. De monumintale foargevel fan it gebou koe destiids foar in grut part rêden wurde, mar moast wol flink renovearre wurde. It duorre in jier om de saak rûn te krijen mei de gemeente. Al mei al is boubedriuw Siebenga fan It Hearrenfean acht moanne dwaande west mei de bou.

Yn it gebou komt in winkel mei dêr boppe trije apparteminten. Gerrit de Leeuw, direkteur fan it boubedriuw, is tige grutsk op it projekt. Hy wol it gebou healwei juny opleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)