Pama takom jier mooglik fuort

07 okt 2010 - 20:10

Alex Pama is der noch altyd net út oft hy oanbliuwt as direkteur fan Sportklup Cambuur. Yn it programma Boppeslach Kafee liet hy witte yn elts gefal oant 1 jannewaris oan te bliuwen. Hy hopet it seizoen ek ôf te meitsjen, mar dat hinget ôf fan in tal faktoaren.

Ien dêrfan is de komst fan in nij Cambuurstadion. Dat is noch lang net wis. Ek wachtet Cambuur noch op in miljoenebedrach fan projektûntwikkeler Leyten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)