Pama oan it wurk yn Amearika

29 apr 2011 - 16:12
  • Alex Pama (foto: Omrop Fryslân)

Ald-Cambuurdirekteur Alex Pama giet oan de slach yn Amearika. Hy wurdt direkteur by Grande Sports World, in sport-, hotel- en golfkompleks yn de steat Arizona. Pama sil him dêr foaral dwaande hâlde mei de oplieding fan topfuotballers en -fuotbalsters en it opsetten fan fuotbalkampen.

De sporters kinne dêr stúdje en sport kombinearje. Pama fergeliket it konsept mei de Cruijff Academy. Pama wennet sûnt syn Cambuurtiid al wer in pear moanne yn Amearika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)