Pama direkt fuort by Cambuur

11 jan 2011 - 23:16

Alex Pama is net langer direkteur fan Sportklup Cambuur. Hy soe oan de ein fan dit seizoen al opstappe, mar nimt no fuort ôfskied. Dat is besletten nei oerlis mei it bestjoer, dat bestiet út Jan Zeinstra en Ype Smid. Pama wol de ûntwikkeling fan Cambuur net yn it paad stean en dêrom fûnen alle partijen it better om per direkt útelkoar te gean.

Pama wie sûnt 2006 direkteur. Hoe't de posysje fan algemien direkteur no fierder ynfuld wurdt, is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)